Gasteboek

Wat is Greidehert

Greidehert is in muzikale filmfertelling oer Littenseradiel. Lit jo meislepe op de prachtige muzyk (in arranzjemint fan Jorrit Laverman) en genietsje fan de bylden fan sfearen, minsken en it lânskip fan Littenseradiel. Wybo Smids en Tjerk Kooistra hawwe tekene foar it idee en de útfiering.

Korps spilet live

Alle besikers sjogge in spesjale film oer Littenseradiel. Tagelyk mei de film spilet der live in orkest, dat bestiet út muzikanten en leden fan  korpsen út Littenseradiel. Sintraal steane 29 gesichten, út elk doarp ien. Fan âld oant jong, fan ‘ymport’ oant hikke en tein, fan it lânskip oant en mei it ferieningslibben. Alles wat it plattelân fan Littenseradiel sa gewoan en tagelyk sa bysûnder makket.


Spyldata en plak

Alle ynwenners fan Littenseradiel binne fan herte wolkom. De foarstellingen wurde spile yn De Helling yn Winsum.

Spyldata binne:
  • 9 desimber, 20.30 oere
  • 10 desimber, 14.00 oere
  • 15 desimber, 20.30 oere
  • 16 desimber, 20.30 oere